Brân monumintale mûne Ljouwert

10 maaie 2014 - 00:04
  • Yn 2014 waard 'De Eendragt' troffen troch brân

By in útslaande brân yn in momumintale mûne en oanleunwenning oan de Dokkumertrekwei yn Ljouwert is freedtejûn flinke skea ûntstien. De brân bruts út om in oere as njoggen. De brânwacht hie it fjoer tsjin alven ûnder kontrôle.

Nei alle gedachten is it wenhûs sa goed as ferlern gong. De mûne dy't der tsjinoan stiet rûn allinnich reekskea op. Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend. Neffens de brânwacht is der by de brân gjin asbest frijkaam. It gebou stie leech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)