Brân McDonald's oanstutsen

03 nov 2005 - 09:36

De brân by McDonald's yn Goutum is oanstutsen. De technyske resjerzje hat bylden besjoen fan in bewakingskamera en dêr is in man op te sjen, flak foardat de brân útbrekt. De plysje wurket mei seis man oan de saak.

Dy minsken besjogge ek de gegevens fan de brân by snackbar Febo yn Ljouwert. Der wurdt foarearst net fan útgien dat der in ferbân is tusken beide saken. De brân by McDonald's Goutum komt nije wike yn Plysjepost op tillevyzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)