Brân master by ING-gebou Ljouwert

14 sep 2015 - 09:42
  • De brânwacht hat it fjoer blust
  • It gebou is ûntromme
  • It personiel stiet bûten de ING te wachtsjen
  • De brânwacht docht in ynspeksje nei de oarsaak fan de brân

It ING-gebou oan de Tesselschadestrjitte yn Ljouwert moast moandeitemoarn om healwei njoggen ûntromme wurde fanwege brân. Yn in meterkast by de keuken wie brân útbrutsen en der stie reek yn it gebou.

Om goed healwei alven waard it sein brân master jûn. Tsjin alven wie it gebou noch net frijjûn. Earst moat ûndersocht wurde hoe't it mei de luchtkwaliteit yn it gebou is. Dêrom waard it personiel opfongen yn stedsskouboarch De Harmonie. Om healwei ienen mochten se wer yn it ING-gebou.

I

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)