Brân leit wenwein yn de jiske yn De Himrik

04 jan 2015 - 10:23

By in brân yn De Himrik is yn de nacht fan sneon op snein in wenwein ferlern gien. De bewenner lei te sliepen mar waard wekker fan de brân. De flammen kamen út de wand achter de houtkachel. De bewenner koe krekt op 'e tiid út de wenwein komme. Hy hat mei de buorlju besocht de brân te blussen mar dat slagge net.

De brânwacht hat it fjoer útkrigen. Ek de wenweinen dernjonken rûnen in protte skea op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)