Brân lege wenten De Westerein

13 jan 2008 - 17:08

Der hat sneontenacht brân west yn twa leechsteande sloopwenningen oan de Rozenlaan yn De Westerein.

De brân waard om twa oere nachts hinne ûntdutsen, wêrnei de brânwacht it fjoer útmakke. De plysje hold de direkte omjouwing frij foar de brânwacht. Nei goed in oere wie it fjoer út. Brânstifting wurdt net útsletten. Dêr wurdt ûndersyk nei dien. Ien fan de wenningen hie earder al yn 'e brân stien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)