Brân L'each: technyske oarsaak

15 sep 2014 - 15:01

De brân yn fiskhannel Sterkenburg yn Lauwerseach is ûntstien troch in technysk mankemint. It is útsletten dat de brân oanstutsen is. Dat seit de plysje. Troch de grutte brân fan ferline wike woansdei gie in grut diel fan de fiskhannel ferlern.

It fjoer ûntstie yn it âlde diel, dêr't de fisk ferwurke wurdt. Dat diel is folslein ferlern gien. It restaurant rûn grutte skea op troch de brân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)