Brân by kleanwinkel yn Dronryp

28 okt 2005 - 10:48

By in brân oan it Heech yn Dronryp is tongersdei oan 'e ein fan de middei it bedriuw Paul Drijver Bedrijfskleding ferlern gien. By de brân is wat asbest frijkaam, mar dat liket gjin gefaar foar de folkssûnens op te leverjen.

Oer de oarsaak fan de brân is noch gjin dúdlikheid. Mooglik dat wurk oan de dakbedekking der mei te krijen hat. Troch in geunstige wynrjochting wie der gjin gefaar dat it fjoer oerslaan soe nei de neistlizzende gebouwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)