Brân hûs Sint Anne

12 aug 2014 - 06:19
  • Brânwachtauto

Yn in hûs oan de Nijebiltdyk yn Sint Anne hat tiisdeitemoarn brân west. It gie neffens de brânwacht om in middelbrân. It fjoer siet yn it isolaasjemateriaal ûnder it dak. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. De bewenners kamen mei de skrik frij.

De oarsaak fan de brân is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)