Brân Hearrenfean yn Plysjepost

09 jan 2007 - 12:49

It televyzjeprogram Plysjepost hat tiisdei omtinken foar de brânstifting yn in shoarmasaak op It_Hearrenfean. Op bewakingsbylden binne jonges te sjen dy't fuortdrave. De shoarmasaak baarnde ein ferline jier folslein út. Omlizzende gebouwen rûnen skea op.

Ek is der omtinken foar de brânstiftings yn Wikel en Sondel, in wikseltrúk yn Snits en in ynslûping yn Suwâld. Plysjepost is de tiisdei hiele jûn en nacht te sjen by Omrop Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)