Brân Hearrenfean: frou ferwûne

10 jul 2006 - 16:21

In 62-jierrige frou is sneintemiddei ferwûne rekke by in brân yn in hûs oan de Wettertoer op it Hearrenfean. Yn de keuken fan de wenning wie de flam yn de panne slein. De wente kaam yn koarte tiid fol reek te stean.

In buertbewenster rekke ferwûne en moast nei it sikehûs. De 84-jierrige bewennster kaam mei de skrik frij. De wenning hat flinke reekskea oprûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)