Brân Grou net oanstutsen

02 mrt 2010 - 10:08

De brân fan moandei by in wettersportbedriuw oan de Stasjonswei yn Grou is net feroarsake troch brânstichting. De technyske resjerzje hat gjin spoaren fûn dy't dêrop wize. Der wie ek sprake fan dat in himpkwekerij yn it bedriuw sitte soe, mar dêrfoar hat de plysje ek gjin bewizen fûn.

Wat de oarsaak fan 'e brân wol west hat, is noch ûnbekend. It bedriuw gie troch de brân folslein ferlern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)