'Brân goederenbank oanstutsen'

20 jul 2010 - 12:17
  • Foto's: Omrop Fryslân
  • De meiwurkers by wethâlder Florijn

De brân yn 'e goederenbank yn Ljouwer is nei alle gedachten oanstutsen. De plysje siket fjouwer jonges dy't moandeitejûn om kertier oer alven yn 'e buert fan it gebou sjoen binne.

Fan twa fan 'e fjouwer is in sinjalemint beskikber. It giet yn alle gefallen om in blanke jonge mei stikeltsjeshier en in rútsjetrui oan en in jonge mei in hiel ljochtbrune hûdskleur. Se binne beide sawat tusken de 20 en de 22 jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)