Brân gersdroegerij Easterwâlde

02 jul 2014 - 22:33
  • Brân yn de gersdroegerij fan Easterwâlde

Yn de gersdroegerij oan de Drie Tolhekken yn Easterwâlde is woansdeitejûn om goed 21.30 oere brân útbrutsen. De brân waard opskaald nei middelbrân. De korpsen fan Easterwâlde, Wolvegea en Appelskea waarden oproppen om de brân te bestriden. Oan de bûtenkant fan it gebou wie net it measte te sjen, de brânwacht hat de saak ferkend en melde om 22.30 oere dat de brân ûnder kontrôle wie en dat der ôfskaald wurde koe. Der waard noch wol socht nei de fierdere ûntwikkeling fan de brân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)