Brân Gerkeskleaster djoerste yn Nederlân sûnt 2008

19 nov 2014 - 10:21
  • De brân yn it tsiisfabryk yn Gerkeskleaster

De skea troch de brân yn it tsiisfabryk fan FrieslandCampina yn Gerkeskleaster komt op goed 85 miljoen euro. De brân is dêrmei de djoerste fan de ôfrûne seis jier yn Nederlân. Dat meldt it NIVRE, it Nederlands Instituut van Register Experts. Allinnich de brân by de TU Delft, yn 2008, wie mei in skeabedrach fan 140 miljoen euro noch djoerder. FrieslandCampina wol it bedrach net befestigje, dat dogge se pas takom jier maart yn it jierferslach. Neffens in wurdfierder is it wol sa dat der 30 miljoen stutsen wurdt yn nijbou yn Gerkeskleaster.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)