Brân Fochtel: boartsjende bern

06 apr 2008 - 14:04

De brân yn in heaskuorre yn De_Fochtel is feroarsake troch fjouwer bern dy't mei fjoer boarten Se tochten dat se it fjoer útmakke hiene, doe't se fuortgiene. Mar eefkes letter seagen se dat der heabalen yn 'e brân stiene.

De bern warskôgen fuortendaliks harren âlden, dy't de brânwacht bellen. Dy soarge derfoar dat it fjoer net oersloech nei in oare skuorre mei geiten. Sechstich balen hea, 20 balen strie en 10 ton biks gie ferlern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)