Brân by Flexoplast Harns

12 feb 2009 - 09:54
  • Brânwacht by Flexoplast. Foto: N.den Boer

By it bedriuw Flexoplast yn Harns hat tongersdeitemoarn in lytse brân west yn in ien fan de drukparsen. De bedriuwshelpferlieners ha de brân sels útmakke. De brânwacht wie wol mei grut materieel útrukt, omdat de masine yn de buert stie fan foarrieden inkt en alkohol.

Der wurdt ûndersyk dien nei de oarsaak fan de brân. Dat hat noch wol wat gefolgen foar de produksje. It bedriuw ferwachtet dy achterstân moarn wer yn te heljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)