Brân: Flatbewenners evakuearre

15 maaie 2010 - 12:38

Yn in flat oan 'e Telemanstrjitte yn Ljouwert hat freedtenacht brân west. In grutte partij kranten yn 'e hal wie yn 'e brân flein. Troch de sterke reekûntwikkeling kamen in soad wenten fol reek te stean. In tal bewenners moast evakuearre wurde.

Ambulânsemeiwurkers hawwe minksen ûndersocht dy't reek ynaseme hienen. De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan 'e brân. Neidat der blust wie en de wenten fentilearre, koene de bewenners werom nei hûs ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)