Brân fetferwurker Frjentsjer

17 apr 2007 - 22:19
  • Fetferwurkingsbedriuw Levo yn Frentsjer
  • It kwetsbere guod is mei plestik ôfdekt

It wurk by fetferwurkingsbedriuw Levo yn Frjentsjer leit seker in wike stil nei in brân. Tiisdeitejûn ûntstie der brân op it dak fan de produksjehal. Dêr wie in dakdekker oan it wurk.

Omdat de brân op tiid ûntdutsen waard, koe foarkommen wurde dat it hiele fabryk ferlern gie. De brânwacht wie gau mei grut materieel te plak. Der is wol in soad reek- en wetterskea. Levo makket fan plantaardige oalje majonêze, margarine en frituerfet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)