Brân by feehâlder de Fochtel

06 apr 2008 - 10:30

By in brân yn in grutte skuorre fan in feehâlder yn de Fochtel is sneontemiddei foar tûzenen euro's skea ûntstien. It fjoer is begong yn it hea dat yn de skuorre lei. In part fan de skuorre is ôfbaarnd. Der gie ek in grutte foarried hea, strie en feefretten ferlern.

De brânwacht fan Appelskea hat oeren dwaande west om foar te kommen dat it hea en strie op 'e nij yn 'e brân fleane soe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)