Brân Febo mooglik oanstutsen

28 okt 2005 - 17:43

De brân by snackbar FEBO yn Ljouwert is mooglik oanstutsen. Dat is de earste konklúzje fan de technyske rezjerzje.

De snackbar gie sneintenacht folslein ferlern troch de brân. In tsjûge hat in man sjoen dy't dwaande wie mei de tagongsdoar. De plysje tinkt dat dy man wat mei de brân te krijen hat. It Nederlands Forensisch Instituut yn Den Haach sil de brân noch fierder ûndersykje. De plysje siket noch mear tsjûgen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)