'Brân Fean mooglik oanstutsen'

28 des 2006 - 06:22

De plysje is der sa goed as wis fan dat de grutte brân yn it sintrum fan It Hearrenfean oanstutsen is. Seis resjersjeurs binne mei in buertûndersyk dwaande. Oan it Breedpad ûntstie tongersdei om fjouwer oere hinne brân yn in shoarmasaak. It fjoer sloech oer nei oare gebouwen.

Tweintich minsken binne tydlik dakleas. Fjouwer gebouwen rûnen skea op. Om healwei achten wie it fjoer ûnder kontrôle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)