Brân by Energie Service

21 jan 2013 - 10:00
  • Utbaande meterkast by Energie Service Friesland

By Energie Service Friesland hat sneintenacht brân west yn in meterkast. Dêrtroch is it bedriuw net mear te berikken foar minsken dy't in steuring trochjaan wolle. It bedriuw hat oer hiel Fryslân goed 35.000 klanten. Neffens direkteur Otto van der Galiën is it momint hiel ferfelend. Troch de kjeld en de snie is it risiko op steurings op 't heden grutter as oars.

Klanten fan Energie Service Friesland koene it bedriuw no allinich berikke op in neednûmer. Oan 'e ein fan de middei wiene de problemen oplost en die de sintrale it wer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)