Brân by eardere Brada

05 okt 2009 - 20:50
  • Brân op it eardere kompleks fan Brada (foto: nieuwsuitfriesland.nl)

Yn de eardere slachterij fan Brada oan de Snekertrekwei yn Ljouwert hat moandeitejûn brân west. De brân wie yn ien fan de lytsere gebouwen fan it kompleks. By de brân kaam in soad reek frij. Ut mjittings hat bliken dien dat dêr gjin skealike stoffen yn sieten.

De melding fan de brân kaam om healwei achten by de brânwacht binnen. Dy ried dêrop mei grut materieel út. Dêrmei koe foarkaam wurde dat de brân oersloech nei de rest fan it kompleks en nei in neistlizzende fervefabryk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)