Brân by eardere ATF Drachten

28 mrt 2006 - 11:01

By ôffalferwurker Van Ganzewinkel yn Drachten, it eardere ATF, wie moandei brân. It fjoer bruts út yn in hout-fersnipperapparaat by de opslach oan de Stuurboord op it bedriuweterrein De Haven. De motor fan de masine fleach yn 'e brân. De brânwacht hat it fjoer útmakke.

Yn maaie 2000 wie der in grutte brân by it doetiidse ATF yn in opslach foar gemysk ôffal. It gefolch dêrfan wie dat in gifwolk oer in part fan Fryslân luts.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)