Brân Drachten ûnder kontrôle

15 sep 2012 - 17:08
  • By de brân kamen grutte reekwolken frij
  • Fan it leechsteande gebou bleau net folle oer

De brânwacht hat tsjin fiif oere it sein 'brân meester' jûn yn ferbân mei de grutte brân op de hoeke Splitting/Suderdwersfeart. In grutte lûdswein hat sneontemiddei de buertbewenners warskôge om de doarren en ruten ticht te hâlden yn ferbân mei de grutte wite reekwolken dy't oer de wiken De Veenen en De Bouwen lutsen. Neffens de plysje is eltsenien op 'e tiid foar de reek warskôge. Hjirby waard ek gebrûk makke fan Twitter.

De brân soarge sneontemiddei foar in grutte ferkearsgaos yn hiel Drachten.

Dy ferkearsgaos is yntusken ûnder kontrôle. Der binne ek mjittings útfierd by de brân. Dêrby hat bliken dien dat der gjin asbest yn it ôfbaarnde gebou siet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)