Brân doarpshûs troch peuk

09 okt 2007 - 21:37

Smeulende sigarettepeuken yn it jiskefet binne de oarsaak west fan de brân yn it doarpshûs yn Rinsumageast. Dat hat boargemaster Aalbers tiisdeitejûn oan de ynwenners Rinsumageast bekend makke.

It doarpshûs gie freed yn flammen op. Nei spoarenûndersyk waard earder al dúdlik dat spekulaasjes fan brânstichting net klopje. De ferieningen fan it doarp binne slim troffen troch de brân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)