Brân doarpshûs net oanstutsen

08 okt 2007 - 22:57
  • De brân yn doarpshûs de Beijer yn Rinsumageast is net oanstutsen.

De brân yn doarpshûs de Beijer yn Rinsumageast is net oanstutsen. Boargemaster Aalberts fan Dantumadiel hat dat bekend makke.

Wat de oarsaak dan al krekt west hat is noch net hielendal dúdlik. Ofrûne freed baarnde it doarpshûs folslein ôf. Neffens Aalberts moat it ûndersyk fan 'e plysje ein dizze wike klear wêze. De ferienings wurde de kommende wiken ûnderbrocht op ferskate lokaasjes yn it doarp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)