Brân: buorbedriuw yn problemen

21 maaie 2010 - 14:24
  • De brân leit ek de bedriuwen yn de omjouwing stil

De brân yn Haulerwyk soarget foar problemen foar in bedriuw dat biologyske griente ferwurket. It bedriuw sit tsjinoer Bolk Constructie, it bedriuw dat freedtemoarn troch in grutte brân ferlern gie. By dy brân kaam swarte en giele reek frij mei dêryn gefaarlike stoffen.

Dy reek is ek yn it tsjinoerlizzende bedriuw telâne kaam. Dêr wiene se dwaande salsasaus te meitsjen. De hal stiet fol reek en dat betsjut dat alle griente en saus fuortsmiten wurde moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)