Brân by boubedriuw yn Skettens

08 feb 2016 - 13:39
  • It boubedriuw yn Skettens

De brân by boubedriuw Buwalda yn Skettens is ûnder kontrôle. De brânwacht hat de fjoerkearn fûn en kin dy bestride. Dêrtroch bliuwt de skea beheind en is it net in útslaande brân wurden. Wol wie der in soad reekûntwikkeling.

Om goed healwei twaen kaam in melding by de brânwacht binnen fan de brân yn Skettens. De korpsen fan Wytmarsum en Boalsert wiene oproppen foar it bluswurk. Boalsert kaam ek mei in heechwurker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)