Brân Boschplaat ûnder kontrôle

17 maaie 2004 - 00:00

It fjoer op de Boschplaat op Skylge is ûnder kontrole. De brânwacht hat sneintenacht patrûlearre om it gebiet yn de gaten te hâlden. It waar en de swakke wyn lykje moandei geunstich te wêzen.

Sneon ûntstie it fjoer, dat 75 bunder natuergebiet op Skylge fernield hat. Derby is in unyk bjirkebosk ferlern gien. Ek in soad nesteljende fûgels en oare lytse bisten ha it fjoer nei alle gedachten net oerlibbe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)