Brân Boschplaat noch net út

17 maaie 2004 - 00:00

It slagge de brânwacht ek moandei noch net om it fjoer op de Boschplaat út te meitsjen. Der binne tachtich brânwachtminsken fan ferskate korpsen oan it wurk. Der wurdt yn de middei oerlein oer de bestriding fan de brân yn it Skylger natuergebiet om't de wyn oanhellet.

By de brân is oant no ta al 75 bunder ferlern gien. It gebiet is 4400 bunder grut. Moandeitejûn waard op 'e nij in blushelikopter ynset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)