Brân boppe kafee yn Harns: ien persoan nei sikehûs

01 nov 2015 - 10:00

Der hat sneintemoarn brân west boppe in kafee oan de Foarstrjitte yn Harns. De brânwacht krige sneintemoarn betiid de melding fan in protte reek yn it kafee. It die bliken dat der noch fjouwer minsken yn de wenning boppe it kafee wienen.

Neidat de brânwacht elkenien út it gebou helle hie, hawwe se it fjoer blust. De brân siet tusken de earste etaazje en it kafee. Ien fan de bewenners is nei it sikehûs brocht omdat er reek binnenkrigen hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)