Brân Bilgaard ûnder kontrole

24 aug 2006 - 16:17

De brân yn winkelsintrum Bilgaard is ûnder kontrole. Om tsien oere koe de brânwacht it sein brân master jaan. De brânwacht is sûnt trije oere tongersdeitemoarn dwaande it fjoer te bestriden. It grutste part fan it winkelsintrum is ferlern gien.

Yn it winkelsintrum sitte 33 winkels en in biblioteek. Dêrûnder is ek in bistesaak, dêr binne nochal wat bisten omkaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)