'Brân Bilgaard net te blussen'

17 okt 2006 - 17:41

Al hie der genôch bluswetter west, dan is it noch mar de fraach oft de brân yn winkelsintrum Bilgaard yn Ljouwert wol te tsjin te hâlden wie. Dat komt troch de lêstige konstruksje fan it gebou. Dat is ien fan 'e foarriedige konklúzjes fan ûndersyksburo Suurenbroek Consultancy nei de brân.

De gemeente Ljouwert hat it buro frege om mei in quickscan te besjen wêrom't de brân sa grut wurde koe. Oer in pear dagen komt it definitive rapport.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)