Brân bedriuweterrein Twizel

29 jun 2009 - 09:20
  • In soad reek en skea by brân oan wen- en parketsaak Twizel (foto Jan Beets, 112 Nederlân)

Op in bedriuweterrein oan de Optwizel yn Twizel hat moandeitemoarn in útslaande brân west yn de wen- en parketsaak fan Sierk Idsardi. De brân wie yn in loads achter in meubelsaak. Om in oere as seis waard it fjoer ûntdutsen. De flammen út it dak soargen foar in soad reek.

Brânwachtkorpsen fan Bûtenpost en Droegeham hawwe in goed oere oan it blussen west. Hoe grut oft de skea krekt is, en hoe't it fjoer ûntstean koe, koe de plysje noch net sizze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)