Brân by bedriuw Hearrenfean

07 aug 2006 - 10:26

Op it bedriuweterrein oan de A32 by it Hearrenfean is sneontejûn in kantoarunit fan Bakker Internationale Transporten ôfbaarnd. De brânwacht fan it Hearrenfean waard om in oere as 7 oproppen.

In stek om it bedriuw hinne moast fernield wurde om by de brân te kommen. De kantoarunit stiet tsjin in grutte bedriuwshal oan. De brânwacht koe foarkomme dat it fjoer oersloech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)