Brân by bakkerij Tjoelker

11 jul 2014 - 09:39
  • By de brân kaam in soad reek frij

By bakkerij Gosse Tjoelker oan de Dwarswyk yn Drachten hat yn de nacht fan tongersdei op freed brân west. De brân ûntstie yn ien fan de ovens. Troch de brân stie de bakkerij fol mei reek. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle.

Fanwege de reekskea bliuwt de bakkerij freed ticht. De wenning boppe de bakkerij rûn reekskea op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)