Brân by azc yn Ljouwert

19 apr 2003 - 00:00

In karavan op it terrein fan it azc Burmania yn Ljouwert is sneon útbaarnd. Yn de karavan wenne in famylje mei trije bern. De brân is ûntstien doe't der bern mei fjoer boarten.

De brânwacht hie in healoere nedich om it fjoer ûnder kontrôle te krijen. Se krigen stipe fan de brânwacht fan de loftmacht dy't de brân fan de basis ôf seach. Oare karavans binne troch de brân beskeadige. It gesin hat ûnderdak krigen yn in oare karavan op it terrein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)