Brân by avo is oanstutsen

19 nov 2000 - 15:10

De brân fan tongersdei by de oanfoljende opfang fan asylsikers yn Tsjummearum is oanstutsen. Dat makke de technyske resjerzje sneon bekend. De plysje ûndersiket noch wa't it fjoer oanstutsen hat.

De bewenners fan de karavans hienen troch de brân in dei gjin stroom, gas en wetter. In pear kantoarunits binne ferlern gongen. De skea wurdt rûsd op 250.000 gûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)