Brak wetter út de kraan

29 jun 2009 - 22:22
  • Aanst dûse mei 'oar' wetter

Der wurdt by de wettersuverings-ynstallaasje fan Vitens yn Noardburgum drok boud oan in nij pompsysteem. Dêrmei wurdt brak wetter út de grûn helle en suvere ta drinkwetter. It sâlt dat oerbliuwt wurdt wer werom pompt yn de grûn.

It wetter sil by guon húshâldens út de kraan komme. Dizze nije metoade soe der foar soargje moatte dat der ek yn de takomst genôch drinkwetter beskikber is. It giet yn earsten om in pilot-projekt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)