By Brada wurdt aanst wer slachte

16 feb 2004 - 00:00

It fleisbedriuw Friesland Beef wol foarearst sa'n 500 oant 600 kij yn de wike slachtsje yn de âlde slachterij fan Brada yn Ljouwert. Neffens direkteur Henk Visser is it de bedoeling dat it slachtsjen yn de kommende fjouwer wike út ein set.

Nei alle gedachten kinne der in 40 minsken oan it wurk. Aldert Wildeboer, de eigner fan Brada, begjint dizze wike mei it oannimmen fan minsken. Hy sjocht earst nei de âld-meiwurkers fan Brada.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)