Brada slachtet moandei net mear

15 aug 2003 - 00:00

Kurator Van der Spek hat besletten om de fallite slachterij Brada yn Ljouwert stil te lizzen. De finansjele risiko's fan it slachtsjen as fallyt bedriuw wurde Van der Spek te grut. Der soene twa gadingmakkers wêze om Brada op koarte termyn oer te nimmen.

It giet om in bûtenlânske ynvestearder en om it sanearingsfûns, dat by oername it bedriuw foar altiten slute wol. Kurator Van der Spek hopet binnen inkelde dagen saken te dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)