Brada mei dubieuze kij slachtsje

07 apr 2004 - 00:00

De RVV hat direkteur Wildeboer fan Brada woansdei grien ljocht jûn foar it slachtsjen fan twa kij. De RVV hie Brada tiisdei opdroegen de kij nei Rendac ôf te fieren, mar dat woe Wilde- boer net. Twa earmerken wiene ferkeard yn de earen fan de kij fêstmakke.

Neffens Wildeboer mankearren de kij neat en koene se wol slachte wurde. De RVV hat no besletten it gefal troch de fingers te sjen. De bisten hoege dêrom no net nei Rendac ôffierd te wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)