Brada kin wer gewoan draaie

28 jul 2003 - 00:00

Brada yn Ljouwert draait nei alle gedachten fan tiisdei ôf wer in normale produksje. De slachter hoecht net yn te krimpen en banen geane net ferlern. Dat seit direksjelid Ballegooijen.

Brada hat fan it wykein in oerienkomst sletten mei de grutste leveransiers. Dy ha tasein genôch kij en keallen te leverjen sadat de slachter wer draaie kin. It is ûndúdlik oft se ek in oandiel krije yn it bedriuw. It personiel wurdt moandei ynljochte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)