Brada kin tried wer oppakke

09 apr 2001 - 00:00

Fleisbedriuw Brada yn Ljouwert kin sa stadichoan de wurksemheden wer oppakke. It bedriuw hat skoftenlang stillein troch de útbraak fan tongblier yn Nederlân. De útbonkerij wurket no foar tachtich prosint, yn 'e slachterij is it noch hielendal stil.

It wachtsjen is no op in ferromming fan it ferfiersferbod foar kij en keallen. Benno Brada hopet dat dat woansdei is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)