Brada hoecht net te beteljen

23 sep 2004 - 10:29

Net Brada, mar Friesland Beef, moat tsientûzenen euro's betelje oan it Produktskip foar Fee en Fleis. Alteast, dêr liket it op. Fertsjintwurdigers fan it produktskip brochten woansdei in besite oan de Ljouwerter slachterij.

Brada wegeret al moannenlang ferplichte heffings ôf te dragen. Nei alle gedachten is dat terjochte. Juristen fan it produktskip sille de kommende dagen útsykje wa't no al foar de heffingskosten opdraaie moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)