Brada as begeliedster nei Atene

21 jun 2004 - 00:00

Yolande Brada fan Ljouwert sil as offisjal nei de Olympyske Spullen yn Atene. Se is ien fan de seis leden fan in team dy't hockeyskiedsrjochters op it toernoai begeliede en beoardiele.

Brada hâlde seis jier ferlyn op as ynternasjonaal hockeyskiedsrjochter. Se rjochte har dêrnei op it begelieden fan skiedsrjochters op hockeytoernoaien. It wurde har earste Olympyske Spullen. Fierders sil Friezinne Josje Dominicus by sylwedstriden sjuerearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)