Brack wol fuotbalje yn Italië

26 jun 2009 - 12:08
  • Koen Brack giet op fuotbalavontoer nei Italië (foto: Martin de Jong)

Koen Brack sil oankommend seizoen net foar Cambuur spylje. Neffens direkteur Alex Pama hat Brack opsjes by ferskate fuotbalklups yn Italië rinnen. It is in dream foar Brack om dêr te spyljen ek omdat syn frou dêr weikomt.

Ferdigener Antoine van der Linden komt net nei Cambuur. De spiler hat Cambuur witte litten net foar de Ljouwerters fuotbaljen te wollen. Direkteur Alex Pama hopet it dizze wike noch iens te wurden mei FC Grins oer it hieren fan ferdigener Skhodran Metaj.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)