Brack: read wie net terjochte

31 maaie 2009 - 20:05

Cambuur wol alles op alles sette om Koen Brack dochs fuotbalje te litten yn de tredde wedstriid fan woansdei tsjin Roda JC. Brack krige yn de útwedstriid tsjin Roda in reade kaart fanwege in 'schwalbe', mar dy kaart wie net terjochte. "Er wordt je onrecht aangedaan", sei sei Brack.

Ek skiedsrjochter Bas Nijhuis joech nei de wedstriid ta dat de twadde giele kaart foar Brack net terjochte wie. "Ik sta hier met een enorm rotgevoel", sa sei Nijhuis nei ôfrin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)