Brack en Ter Heide: frijspraak

30 mrt 2009 - 18:11
  • De reade kaart fan Ter Heide bliuwt sûnder gefolgen

Cambuur trainer Stanley Menzo kin takom freed yn de wedstriid tsjin FC Den Bosch in berop dwaan op ferdigener Koen Brack en oanfaller Ruud ter Heide. De reade kaarten dy't sy krigen yn de wedstriid tsjin Excelsior, binne troch it KNVB kwytskolden fanwege gebrek oan bewiis.

Ter Heide waard troch skiedsrjochter Wiedemeijer fuortstjoerd fanwege slaan mei de 'earmtakke'. Brack makke de 90 minuten net fol fanwege it ûnderút heljen fan in trochbrutsen spiler.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)